Mike van de Goor
Mike van de Goor | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mike Willem Frank van de Goor | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 14 maaie 1973 | |
berteplak | Oss | |
lingte | 2,07 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal | |
O.S. | Atlanta 1996, Sydney 2000, Atene 2004 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1996 1x goud EK 1997 |
Mike Willem Frank (Mike) van de Goor (Oss, 14 maaie 1973) is in eardere Nederlânske follyballer en beheart ta de gouden generaasje dy't op de Simmerspullen fan 1996 Olympysk kampioen waard. Hy die yn totaal trijeris mei oan de Olympyske Spullen.
Syn Olympysk debút op de Olympyske Spullen fan 1996 wûn hy, tegearre mei syn broer Bas van de Goor, mei de Nederlânske ploech in gouden medalje. De ploech fersloech Itaalje yn de finale. Fjouwer jier letter op de Olympyske Spullen fan Sydney waard er mei de Nederlânske ploech fiifde. Yn 2004 wie er lid fan de Nederlânske ploech dy't op de Simmerspullen yn Atene njoggende waard. Ek spile er yn de ploech dy't op it Europeesk kampioenskip fan 1997 yn Nederlân de gouden medalje wûn hat. Yn totaal hat Mike van de Goor 356 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |