Springe nei ynhâld

Middenberm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Middenbarm)
In betonnenmiddenberm op de N11 by Dublin yn Ierlân
In 50 meter brede middenberm yn Inagi by Tokyo yn Japan

In middenberm of middenbarm is in berm tusken twa rydbanen yn. In middenberm is in stripe dy't de ferkearsstreamen skiedt en bestiet almeast út in stripe gers mei in fangrail. Bytiden is in middenderm gewoan in betonnen muorke. Yn Nederlân hawwe autogongwegen en autowegen, dy't útfierd binne mei dûbele rydbanen, in middenberm. As in middenberm wiid genôch is hoecht der gjin fangrail yn en steane soms sels beammen en strewielen yn. Op de A6 tusken Emmeloard en De Lemmer is dat it gefal. Yn de Feriene Steaten binne middenbermen faak ek reedlik breed.

Yn guon gefallen hat in middenberm in funksje derby krigen, sa as bygelyks dat der in spoarwei tusken de twa rydbanen fan in autodyk oanlein waard. By Skiphol is soks it gefal en BNSF Railway hat in spoar yn de middenberm fan Interstate 5 tusken Seattle en Portland yn it westen fan de Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.