Messerschmitt Me 163
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer loftfeart.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Messerschmitt Me 163 Komet | |
---|---|
Rol | Underskeppingsjager |
Makker | Messerschmitt |
Untwerper | Alexander Lippisch |
Earste flecht | 8 augustus 1941 |
Yn tsjinst | 1944 |
Ut tsjinst | Febrewaris 1945 |
Tal makke | < 350 |
Brûkers | Luftwaffe |
Farianten | Me 163 A, B, C |
De Messerschmitt Me 163, mei e bynamme "Komet", wie it earste en iennige fan in raket oandreaun jachtfleantúch dat yn in oarloch brûkt waard. It revolúsjonêre ûntwerp wie fan de Dútske yngenieur Alexander Lippisch. It tastel hie gjin horizontale sturtflakken ("Nurflugel"). De raketmotor waard ûntwikkele troch de yngenieur Hellmuth Walter.
Me 163 wie flugger as alle oare jachtfleantugen yn dy tiid. Testpiloat Heini Dittmar helle yn july 1944 1130 km/o mei de Me 163, in rekord. Der waarden goed 300 tastellen makke, mar it die bliken dat de Komet as jager net foldie en yn syn operasjonele perioade mar njoggen alliearde tastellen delhelle hat.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gegevens | DFS 194 | Me 163A | Me 163B [1] | Me 163C | Me 263 |
---|---|---|---|---|---|
Bemanning | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 |
Langte [m] | 7,20 | 5,60 | 5,70 | 7,04 | 7,89 |
Hichte [m] | - | 2,22 | 2,75 | 2,75 | 3,17 |
Spanwiidte [m] | 9,30 | 8,85 | 9,30 | 9,80 | 9,50 |
Peiling [°] | - | 23,5 | 23,5 | 23,5 | 23,5 |
Draachoerflak fleugels [m²] | 17,5 | 17,5 | 19,6 | 20,5 | 17,8 |
Fleugelbelêsting [kg/m²] | - | 137 | 220 | 248,8 | 286,5 |
Gewicht leech [kg] | - | 1.450 | 1.980 | 2.200 | 2.210 |
Startgewicht [kg] | 2.100 | 2.400 | 4.310 | 5.100 | 5.100 |
Oandriuwing | HWK RI-203 | HWK RII-203 | HWK 109-509 A-1 | HWK 109-509 A-2 | HWK 109-509 C |
Driuwkrêft [kp] | 400 | 750 | 1.600 | 1.700+300 | 2.000+400 |
Heechste faasje [km/o] | 550 | 920 | 900 | 950 | 1.000 |
Lâningsfaasje [km/0] | 120 | 160 | 160 | 160 | 145 |
Fleantiid [min] | - | 7,5 | 8 | 12 | 15 |
Tsjinstplafond [m] | - | 10.000 | 12.000 | 16.000 | 16.000 |
Fleanberik [km] | - | - | 80 | 120 | 200 |
Startbaan nedich [m] | - | 1.200 | 800 | - | - |
Lâningsbaan nedich [m] | - | - | 600 | - | - |
Bewapening | - | - | B-0: 2 x MG 151/20 B-1: 2 x MK 108 [2] |
2 x MK 108 | 2 x MK 108 |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|