Merovech
Merovech († tusken 454 en 457) wie nei alle gedachten kening fan de Salyske Franken (447-457) nei Klodio. Hy is de stamheit en nammejouwer fan de saneamde Merovingen, dy't it Frankyske ryk ta bloei brochten.
Legendaryske kening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer Merovech sels is net folle bekend; hy jildt dêrom as in heal-mytysk figuer. Hy wurdt faak sjoen as de soan fan Klodio, de kening dy't foar him regeare. Neffens de leginde waard hy troch in meunster by syn mem oansetten doe't hja yn de see oan it baaien wie. Dat foarfal jout mooglik in ferklearring foar de siswize dat guon fan (Jeropeeske) adel "blauw bloed" hawwe soenen, lyk as seeskepsels.
Likernôch 450 koenen de Salyske Franken goed mei de Romeinske Generaal Aetius. As bûnsmaten hawwe sy yn 451 oan de side fan Aetius meifochten tsjin de Hunnen en harren bûnsmaten de Gepiden yn de slach op de Katalaunyske fjilden. Ek Merovech hat dêrby nei alle gedachten by oanwêzich west.
Merovech waard nei syn dea yn 458 opfolge troch syn soan Gilderik I.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Emil Rückert [1] soe de namme Merovingen sa ûntstien wêze: it hearskjende laach fan de Franken wenne oan de Merwede of Merowe dêr't dizze gearfloeit mei de Maas, dêr't letter it Slot Loevestein boud wurde soe. Merovech soe hjiroan syn namme &ûntliend hawwe.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gregorius fan Tours, Gallyske biskop
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Edward James - De Franken