Springe nei ynhâld

Mellemastate (Foudgum)

Ut Wikipedy

Mellemastate lei benoardeasten Foudgum, gemeente Dongeradiel. Op it terrein steane no bedriuwsgebouwen.

De oarsprong fan de state leit grif foar 1500. Neffens Van der Aa wie ek Mellema eartiids in state. Op de kaart fan Schotanus-Halma is it in stimhawwende pleats. Yn 1511 wurdt as twadde oansleine neamd Eelke Mellema foar 66½ pûnsmiet. Ek yn de 16e-iuwske prosessen komt hy foar, lykas yn it Benefisjaalboek fan 1543.
Neffens it stimkohier fan 1640 wie it goed eigendom fan Otto Wigara kinderen en yn gebrûk by Tjaard Eglis (Tjeerd Igles). Blykber hawwe dy it oan Tjeerd ferkocht, want yn 1698/1700 wie 'Egle Tjeerts/ Egle Tjaerds' eigener en brûker. Nei syn ferstjerren bleauwen syn bern op de pleats wenjen, want yn 1728 is it eigendom fan Gertie, Jacob, Klaas, Sybe en Dirk Igles dy't allegearre as eigenaar en gebruiker te boek stean. Yn 1832 is eigeneres de widdo fan Hoite Jakobs Mellema.

  • 1511 Eelke Mellema
  • 1640 “Otto Wigara kinderen”, brûker Tjaard Eglis
  • 1698 Egle Tjaerds
  • 1728 Gertie, Jacob, Klaas, Sybe en Dirk Igles
  • 1832 widdo Hoite Jakobs Mellema

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen, 2009
  • Hisgis