Melkemastate
Appearance
(Trochferwiisd fan Melkema State)
Melkemastate is in eardere stins fan Rinsumageast yn de gemeente Dantumadiel. De stins bestie al foar 1532. Yn 1727 is de stins ôfbrutsen en de tunen fan de stins binne gearfoege mei dy fan de Eysinga State. De rûnwei om Rinsumageast is ferneamd nei dizze stins: 'de Melkemawei'. Yn Rinsumageast is in strjitte ferneamd nei de bewenners fan de Melkemastate: ‘de fan Aylvawei’. Op it stee dêr't de Melkemastate eartiids stie leit no de Geastmer bosk.
Eigeners fan Melkema State
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Brûker |
---|---|
oant 1439 | Thieppka Sceltama, ferkeapet oan: |
1439 | Juw Juwsma alias Bottema, soan: |
1477 | Gatze Juwsma, dochter: |
1498-1511 | Ayl Juwsma, dochter: |
1526 | Dorothea fan Botnia (yn 1511 wie neef Douwe Donia eigener) |
1581 | Ulbe Tiaerdtsz Aylva, syn oerbeppe wie Ybel Juwsma, in dochter fan Juw Juwsma alias Bottema. Soan: |
1582 | Tjaert fan Aylva, soan: |
1640 | Sjoerd fan Aylva |
1679 | Tjaerd fan Aylva |
1713 | Tjaerd fan Aylva |
1723 | Frou Unia-Schratenbach |