Meidogger oerlis:Fryske Viking
Wolkom
[boarne bewurkje]Hallo Fryske Viking,
Wolkom op de Fryske Wikipedy. Binne jo faaks de eardere anonyme meidogger 62.194.166.133? Ik hoopje dat jo der nocht oan hawwe sille mei te dwaan oan dit projekt. Hâlde jo der al rekken mei dat "de Fryske Wikipedy" stiet foar "de Frysktalige ferzje fan Wikipedia", net foar "de ferzje foar Fryslân fan Wikipedia". Fansels komme Fryske saken yn dizze ferzje gauris earder oan bod as saken út oare lannen, mar it doel is itselde as dat fan de oare talen fan Wikpedia: In ensyklopedy oer hiel de wrâld. Aliter 17.00, 3 jan 2005 (UTC)
Wês mar net benaud
[boarne bewurkje]Goeie Fryske Viking,
Ik wol jo ek wolkom hjitte by Wikipedy. Wês mar net te benaud om skriuwflaterkes te meitsje, dy ferdwyne, foar it grutste part, fansels. Foaral mei de help fan de behearders, lykas Aliter en B. Se hawwe my ek holpen mei it ferbeterje fan it taalgebrûk. Fiel jo frij en brân mar los!
Groetnis Dr. Breznjev 18.34, 3 jan 2005 (UTC)
62.194.166.133 en auteursrjocht
[boarne bewurkje]Fryske Viking,
Ik haw no sjoen dat jo yndie 62.194.166.133 binne. Wat dat auteursrjocht oanbelanget: Dat jildt net foar de ynformaasje, allinnich foar hoe't dy delskreaun is. Dat, as in tekst sa koart is dat auteursrjocht hast gjin doel hat, tink dan mar dat it ek hast gjin wurk is en skriuw dy ynformaasje yn oare wurden. Aliter 01.41, 4 jan 2005 (UTC)
Ramadan Aitoty
[boarne bewurkje]Ik haw de ynformaasje út it artikel brûkt foar in Fryske side. Ik haw net it artikel oerset, net allinnich om it auteursjocht, mar ek om't it net past yn in ensyklopedy en om't der tsjinstridichheden yn sitte. Dat is it probleem as we sa ticht op it nijs sitte: Der is in soad ekstra wurk, om't saken net daalks dúdlik binne, en om't de side bywurke wurde moat as der nije feiten beskikber binne. Yn dit gefal oan jo de taak om út te finen:
- Of Ramadan ek yn Mosul berne wie, hoe âld at er wie, en wat der mear te sizzen is oer syn tiid yn Irak.
- Wannear syn broer nei Nederlân kaam, en wannear Ramadan ferfarre is, om't út it artikel net bliken docht of dat ferbân hold.
- Oft er al of net dea wie doe't de lju binnenkamen. Dat stiet al yn de kop fan it artikel, mar der wurde gjin twa ambulânses oproppen foar ien dy't dea fûn wurdt.
En dan fansels de nije ûntwikkelings.
Ik haw ek oannaam dat it om ôfrûne woansdei gong. Oars moatte de datums oanpast wurde. Aliter 16.26, 7 jan 2005 (UTC)
Riemie Huismans-Bosklopper
[boarne bewurkje]Jo hienen myn help frege foar de side oer Riemie Huismans-Bosklopper, mar ik haw net folle dwaan kinnen, om't yn gearwurking it measte al barre wie. Ik haw der al in pear fragen oer opskreaun op de oerlis-side. As jo der mear fan witte dan kin dat de side noch ferbetterje. Aliter 00.03, 19 jan 2005 (UTC)
1980 en oare jierren
[boarne bewurkje]Oernaam fan Meidogger oerlis:62.194.166.133:
Jo hawwe al in pear kear ynformaasje fuorthelle by jiersiden sûnder dêr in útlis by te jaan. Ik sjoch net wêrom at dy ynformaasje net yn de Wikipedy stean kin, dat ik haw it weromset, mar ik soe dochs graach witte wêrom jo dat dogge; sa't it no is hawwe wy der beide wurk fan. Aliter 18.34, 16 feb 2005 (UTC)
- graach ik ha die informatie fuorthelle omdat it nea mei Fryslan te meitsje hat, dat is mien reden werom.
- De Fryske Wikipedia is net in ensyklopedy oer Fryslân mar in ensyklopedy yn it Frysk. Dat besjut dat alle ynformaasje dy't op oare Wikipedia's stiet oernaam wurdt en oerset wurdt nei it Frysk ta. Wol is de ynformaasje hjir mear op de Fryske kultuer taspitst as op oare Wikipedia's. Mar dat betsjut fansels net dat it allinich oer Fryslân gean moat, earder oer alle belangryke saken yn 'e wrâld. Dr. Breznjev 19.57, 18 feb 2005 (UTC)
Aliter 21.21, 18 feb 2005 (UTC)
- De Fryske Wikipedia is net in ensyklopedy oer Fryslân mar in ensyklopedy yn it Frysk. Dat besjut dat alle ynformaasje dy't op oare Wikipedia's stiet oernaam wurdt en oerset wurdt nei it Frysk ta. Wol is de ynformaasje hjir mear op de Fryske kultuer taspitst as op oare Wikipedia's. Mar dat betsjut fansels net dat it allinich oer Fryslân gean moat, earder oer alle belangryke saken yn 'e wrâld. Dr. Breznjev 19.57, 18 feb 2005 (UTC)
Tiidbalke
[boarne bewurkje]Jo hawwe aardichheid oan Fryske skiednis, haw ik sjoen. Witte jo dêr genôch fan om dêr in side oer op te setten? Ik haw op oare Wikipedyen sjoen dat dy somtiden foar de wichtigste siden apart in tiidbalke meitsje. No is by ús Frylân in wichtige side. Hawwe jo nocht en set in Tiidbalke foar Fryslân op? Aliter 17.40, 31 mar 2005 (UTC)