Meidogger oerlis:Boppe

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Hallo Boppe,
Wolkom op de Fryske Wikipedy. It is net sa núver dat der hjir minsken aktyf binne dy't gjin Frysk kinne: De Fryske Wikipedy is opset troch oeraktyve meidoggers fan de Nederlânske Wikipedy, en dy hâlde der noch wat in each op oant wy mei safolle minsken binne dat wy it allegear sels dwaan kinne. Ik hoopje dat jo der nocht yn hawwe sille oan dit projekt mei te dwaan. Der binne de lêste tiid wat dingen feroare, dat it kin wêze dat der in pear saken oars binne as op de helpsiden stiet, mar it measte soe der al ynstean moatte. En tink derom: as jo flaters meitsje is dat in goed ding, it betsjut dat jo aktyf binne. Aliter 20.10, 11 sep 2004 (UTC)


FBL[boarne bewurkje]

Dat stik oer de FBL liket sa fan harren webside te kommen. As jo tastimming hawwe fan de FBL, kinne jo dat dan op de oerlis-side fan de FBL-side skriuwe? As we dy tastimming net hawwe, dan kinne we it eins net opnimme, om't we dan harren auteursrjocht skeine soenen. Fansels soenen jo dan al sels in stikje skriuwe kinne. Aliter 22.07, 11 sep 2004 (UTC)


Slach by Warns[boarne bewurkje]

Dy ôfbylden yn Slach by Warns dy't út http://home.hetnet.nl/~fajbe/PLAATJESMAP komme, binnne dy frei fan rjochten? Soe dat sa wêze, dan wie it better en nim se op yn de Wikipedy. Soe dat net sa wêze, dan soenen wy der ek gjin keppelings nei opnimme moatte. Aliter 20.02, 27 dec 2004 (UTC)