Meidogger oerlis:86.80.151.154

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Klaske Hiemstra[boarne bewurkje]

Frysk skriuwster[boarne bewurkje]

Klaske Hiemstra is 24 febrewaris 1954 berne yn Vledder. As bern fan Fryske âlden groeide se twatalich op.

Se debutearre mei it ferhaal "It lân fan altyd snein", yn de bondel "De bok, it gouden aai en de sân ravesn", in útjefte fan it Frysk Myseum, yn 1996. Se wûn mei dit mearke in tredde priis.

It duorre oant 2003 ear't der in bondel gedichten útkaam, "De Skaadfrou".

Yn 2004 ferskynde "Retoer Skylge", de heal en heal autobiografyske roman oer de krêft fan it ûnbewuste.

"It rinnen fan silke" ferskynde yn 2006. It is in roman oer in studinte rjocht dy't studearret yn Grins en dermei libje moat dat har mem slim siik is en komt te ferstjerren. It slagget har net klear te kommen mei de tizeboel oan gefoelens, sadat se help sykje moat.

Ït mearke "Eilanreis", 2007, jout wer hoe't in legere-skoalle-famke mei har geastelik handikapte suske en har freon in symboalyske syktocht makket nei de mem, dy't oan it ein fan it ferhaal foar in soad gesellichheid soarget.

Sûnt 31 desimber 2009 is Klaske Hiemstra fêste kollumniste op de ynternetside fan de Ried foar de Frsyke Beweging, www.itnijs.nl.


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.