Meidogger:Tj

Ut Wikipedy

Ik ha niis krekt ûntdutsen dat Wikipedy no yn it Frysk bestiet. Prima inisjatyf, liket my. Yn it ferline ha ik my sa út en troch al ris dwaande holden mei it oersetten fan Google yn it Frysk. Dat joech in protte foldwaning. Wikipedy giet noch wer in stap fierder en sa kin ik de taal ek wat byhâlde. Ik sil probearje sa folle mooglik siden ta te foegjen op it mêd fan Fryske histoarje, rjocht en fierder oer alles wat my ynteresearret. Skromje net om mei my oer in ûnderwerp wat ik wizige of tafoege ha fan gedachten te wikseljen.