Springe nei ynhâld

Meidogger:Itfinster

Ut Wikipedy

Wy binne fan basiskoalle It Finster út Warkum. Ik (de master) fûn it in goed idee om de bern funksjoneel Frysk skriuwe te learen. Dêr bedoel ik mei dat it Frysk skriuwen foar de wikepedy in betsjutting hat. Alle minsken yn de wrâld kinne it lêze. Dat sprekt de bern oan. Gewoane Fryske leskes wurde yn it skrift makke en nea wer besjoen en dat is mei de wikepedy net it gefal. Dit is ien manier fan my om de leafde foar de taal troch te jaan. Miskien in aardich idee foar oare skoallen?

Ús stikjes sille net allegear it bêste fan it bêste wêze. Mar wy dogge seker ús bêst om sa goed mooglike artikels ôf te leverjen. Wy hope dan ek dat jimme ús helpe wolle mei it neisjen fan de artikels. Wy meitsje grif noch wolris in flaterke mar wy dogge ús bêst.