Mediastinum

Ut Wikipedy
De organen yn it mediastinum

It mediastinum (siz: 'mediástinum ) is de romte tusken de beide longen yn, dy't fentraal (oan de foarkant) begrinze wurdt troch de boarstbonke (os sternum) en dorsaal (oan de efterkant) troch de rêchbonke.

Yn it mediastinum sitte ûnder mear it hert, de luchtpiip, de slokterm, de aorta, in tal grutte bloedfetten, in grut tal senuwen (û.o. nerves frenikus en de nervus fagus), de tymus en in protte lymfeklieren.

Meidat al dy wichtige organen tich by elkoar lizze hawwe sykteprosessen lykas ûntstekkings of groei fan kwea-aardige sellen (kanker) yn it mediastinum faak slimme gefolgen.