Matilde fan Fryslân
Appearance
Matilde fan Fryslân (ek wol: Mathildis) (1024- 1044) wie de twadde frou en de earste keninginne fan kening Hindrik I fan Frankryk.
Sy wie in dochter fan Liudolf fan Breunswyk en fan Gertrudis fan Egisheim. Nei it ferstjerren fan syn ferloofde Matildis fan Franken, in dochter fan Koenraad II (dy't noch mar seis jier wie), trout Hindrik I fan Frankryk yn 1034 mei Matildis fan Fryslân (hja wie doe tsien jier). Matildis wurdt yn 1044 mem fan in dochter fia in keizersneed, mar beide komme dêrnei koart efterinoar te ferstjerren. Matilde waard yn de basilyk fan St.Denis byset, mar fan har grêf is neat oerbleaun.
Hindrik troude opnij mei Anna fan Kiëv.