Springe nei ynhâld

Master (akademyske graad)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Masteroplieding)

In mastertitel, mastergraad of koartwei in master is in akademyske graad dy't oanjout dat immen súksesfol in masteroplieding foltôge hat oan in ynstelling foar heger ûnderwiis. Dat is in ien- of twajierrige oplieding (yn útsûnderlike gefallen langer) dy't yn it ramt fan 'e saneamde bachelor-masterstruktuer (BaMa) fuortborduerret op in legere bacheloroplieding dy't yn itselde stúdzjegebiet behelle is. In essinsjeel ûnderdiel fan it mei súkses foltôgjen fan in masteroplieding is it meitsjen en presintearjen fan in einwurk, de saneamde masterproef.

It beheljen fan in mastertitel wurdt beskôge as de ôfrûning fan in folsleine stúdzje, mei as bedoeling dat men dêrnei útstreamt nei de arbeidsmerk. Alle fan oerheidswegen erkende Nederlânske mastertitels, as dy no behelle binne oan hegeskoallen of oan universiteiten, biede in wetlik rjocht ta wittenskiplike promoasje. Sadwaande ferrjochtet in minderheid fan 'e lju dy't in masterstitel behelle hawwe neitiid noch as promovendus in promoasje-ûndersyk om sa in doktoraat te beheljen. De measte lju dy't mei súkses in masteroplieding folge hawwe, begjinne dêrnei lykwols daliks oan in net-akademyske karriêre, meast yn it bedriuwslibben. Guon dêrfan folgje noch in bykommend spesjalisaasjejier, dat bekendstiet as in advanced master of twadde masteroplieding.

It wurd 'master' (útspr.: ['ma:stər], likernôch: "maaster") is oernommen út it Ingelsk, dat it wer fan it Latynske magister hat. Foarôfgeande oan 'e ynfiering fan 'e bachelor-masterstruktuer bestie yn Nederlân de titel fan doktorandus, dy't fierhinne ekwivalint wie oan in mastertitel. Nei't yn 1999 yn Jeropeesk ramt de saneamde Bolognaferklearring ûndertekene waard, dy't as doel hie om ien inkele Jeropeeske heger-ûnderwiisromte te skeppen, late dat yn Nederlân ta de ynfiering fan 'e bachelor-masterstruktuer, wêrmei't âldere akademyske graden (lykas bakkalaureus en doktorandus) yn ûnbrûk rekken. Yn 'e Angelsaksyske lannen wurdt immen dy't in masteroplieding folget ek wol oantsjut as in graduate student (Feriene Steaten en Kanada) of in postgraduate student (Grut-Brittanje); yn 'e Feriene Steaten is in postgraduate student lykwols in promovendus dy't ûndersyk docht om syn doktoraat te beheljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.