Martiny Jongeskoar Snits
It Martiny Jongeskoar Snits waard yn 1995 oprjochte op inisjatyf fan Bouwe R. Dijkstra en Dirk S. Donker, organist fan de Martinytsjerke yn Snits.
De doelstelling wie in jongeskoar te foarmjen nei it foarbyld fan de Ingelske jongeskoaren. Dit utert him ûnder oare yn de besetting fan ûngefear achttjin trebles (jongessopranen) en tolve manljusstimmen: fjouwer countertenoaren, fjouwer tenoaren en fjouwer bassen. Ek de dûbelkoarige opstelling fan it koar, ferdield yn cantores en decani, is typysk Ingelsk. It sprekt foar himsels dat it repertoire him taspitst op wurken út de Ingelske koarliteratuer. Boppedat sjongt it Martini Jongeskoar Snits faak Evensongs, wêryn Anthems, Psalms en Hymns sintraal steane. Ek wurdt it koar gauris frege om meiwurking te ferlienen oan gruttere produksjes wêrby't in jongeskoar foarskreaun is. Sa wurke it koar de ôfrûne jierren mei oan de Spring Symphonie en it War Requiem fan Benjamin Britten en songen de jonges yn ferskate útfierings fan de Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach.
De artistike lieding wie oant septimber yn hannen fan koarlieder Rintje A. te Wies. Hy waard opfolge troch Gerard van Beijeren.
By it tsienjierrich bestean gie it Martiny Jongenskoar yn maaie 2005 op tournee nei Dútslân, dêr't ûnder oare yn de Dom fan Trier songen waard.
Weihnachtsoratorium
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it muzikale barren fan desimber 2006, wêryn de earste trije kantates fan it Weihnachtsoratorium fan J.S. Bach útfierd waarden troch it Martiny Jongeskoar Snits mei begelieding fan it barokensemble 'Eik en Linde' út Amsterdam, waard besluten om it ferfolch, kantates 4 5 en 6, yn desimber 2007 ek foar it fuotljocht te bringen. It eigen lûd fan it koar, ferweven mei de muzyk fan J.S. Bach en kombinearre mei in fjouwertal solisten, wêrfan ien noch oplieden fanút it koar sels, hat laat ta de útfiering fan in komplete Weihnachtsoratorium.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |