Springe nei ynhâld

Martinus fan Bouricius

Ut Wikipedy

Martinus fan Bouricius (1707 - 1 july 1755) wie grytman fan Aenjewier tusken 1721 en 1757.

Martinus wie in soan fan Jacobus fan Bouricius. Op 7 septimber 1732 troude hy mei Romelia Margaretha (* 14 jannewaris 1709), in dochter fan Augustinus Lijcklama a Nijeholt (grytman fan Opsterlân, en dy syn twadde frou) en hie by har twa dochters.

Op 23 july 1721 waard Martinus beneamd as grytman, mar hat, omreden fan syn minderjierrichheid pas letter de funksje akseptearre en útoefene. Yn 1748 wie hy lid fan de kommisje fan Steatsleden, belêste mei de oerbringing fan it diploma fan Erfsteedhâlderskip oan de Prins fan Oranje. Op de Steatsgearkomsten fan Fryslân hie hy in soad ynfloed. Yn 1748 waard Martinus fan Bouricius oansteld as Masterfeint fan de Houtfesterij yn Fryslân; al yn 1734 wie hy lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Hy stoar oan in úttarjende sykte op 1 july 1755.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Baerdt van Sminia - Nieuwe naamlijst van grietmannen, 326;