Martijn Dieleman
Martijn Dieleman | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 11 maaie 1979 | |
berteplak | Goes | |
lingte | 2,02 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal | |
O.S. | Sydney 2000 | |
karriêre-ein | 2008 |
Martijn Dieleman (Goes, 11 maaie 1979) is in eardere Nederlânske follybalspiler.
Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen, nammentlik op de Spullen fan 2000 yn Sydney, hy waard dêr mei de Nederlânske ploech fiifde. Ek hat er meidien oan de World League en spile er op Europeesk nivo. Yn totaal hat Martijn Dieleman 73 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]
Hy hat foar klups spile út Nederlân, Spanje, Switserlân, Portegal, Frankryk en Iran. Hy hat mei ferskate klups alderlei prizen wûn, mar syn grutste súksessen hellet er lykwols yn Spanje, dêr't er ûnder oare de Spaanske Super Cup wûn hat. Hy hat op Europeesk topnivo spile yn de Champions League, de CEV Cup en de Challenge Cup.
Yn novimber 2005 hat er in punt efter syn profesjonele karriêre set, omdat er pleage waard troch in skouderblessuere.[2] At er yn de simmer fan 2008 29 is, hâldt er echt op mei it follybaljen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|