Springe nei ynhâld

Marten Douwes Teenstra

Ut Wikipedy
Marten Douwes Teenstra
Teenstraheerd, berteplak Marten Douwes Teenstra
Grêf fan Marten Douwes Teenstra yn Ulrum

Marten Douwes Teenstra (Rûgesân, 17 septimber 1795 - Ulrum, 29 oktober 1864) wie skriuwer en reizger.

Teenstra kaam út in begoedige boerelaach. Hy wie de soan út it earste houlik fan Douwe Martens Teenstra en Jantje Luies Dijkhuis en de pakesizzer fan de ferneamde Marten Aedsges, nei wa't er ek ferneamd is.

Yn 1826 waard er opsichter fan brêgen en diken op Java. Hy wie dêr mar twa jier, wêrnei't hy nei Suriname oerpleatst waard en dêr lânbouadviseur waard. Rillegau waard er dêr ek beneamd ta ynspekteur fan brêgen, strjitten, diken en wetterwurken en krige er ek opspoaringsfoech, wat eigentlik ûnder it gesach fan de prokureur-generaal foel. Teenstra ûndersocht de grutte brân fan Paramaribo fan 3-4 septimber 1832.

Yn 1834 kaam Teenstra werom yn Nederlân en kocht in hûs yn Ulrum mei de namme 'Noord-Indië'. Dêr skreau er in soad boeken en kroaniken, ûnder oaren syn standertwurk 'De landbouw in de kolonie Suriname'. Hy makke berneboeken en skiednisboeken en brocht twa tydskriften út.

Teenstra wie dopersk, frijmitselder, fûl tsjinstanner fan De Cock.[1] en tsjinstanner fan slavernij.

  • Hans Hannekemaaier
  • De kinderwereld
  • Stads- en dorpkroniek Groningen, Friesland en Drente
  • De negerslaven in Suriname (by Google books, hjir: [1])
  • De overzeesche bezittingen
  • Chronologisch overzicht van 1795-1815 voor Groningen, Friesland en Drente
  • Ulrum zoals het is en destijds toenemende volksbewegingen in Oktober 1834
  • De vruchten mijner werkzaamheden

Tydskriften:

  • De Diligence
  • De Tijdgenoot

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlands Dagblad 31 july 2010 Ulrum: ‘bakermat van de gereformeerde kerken’: Dorpsnotabele Marten Douwes Teenstra ligt er begraven, een felle tegenstander van De Cock, die hem geestdrijverij verweet