Marion Bloem
Appearance
Marion Bloem (Arnhim, 24 augustus 1952) is in Nederlânsk skriuwster, keunstskilder en filmmakster.
Bloem waard berne út Yndysk-Nederlânske âlden dy't yn 1950 út Yndoneezje nei Nederlân kamen. Bloem folge de HBS te Amersfoart en gong yn 1971 nei de Universiteit Utert om psychology te studearjen. Yn 1977 studearre sy ôf yn de klinyske psychology.
As keunstskilder hat hja op ferskate plakken yn Jeropa útstallings hân.Yn 1993 krige sy de Du Perron Priis foar har hiele oeuvre.
Bloem is troud mei skriuwer-arts Ivan Wolffers (1948–2022). Sy hat ien soan, Kaja, en fjouwer bernsbern.
Bibliografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Overgang (1976)
- Huperventilatie (1976) mei Ivan Wolffers
- Geen gewoon Indisch meisje (1983)
- Lange reizen korte liefdes (1986)
- Rio (1986)
- Vaders van betekenis (1989)
- Vliegers onder het matras (1990)
- De honden van Slipi (1992)
- De leugen van de Kaketoe (1993)
- Muggen mensen olifanten (1995)
- Mooie meisjesmond (1997)
- Ver van familie (1998)
- Games4Girls (2001) (multimedia)
- Voor altijd moeder (2001), ferhalen, gedichten en tekeningen oer har soan, bekroane ta ien fan de bêste fersoarge boeken 2001.
- Liefde is soms lastig, liefste, (2002) gedichtenbondel mei in cdrom mei fisuele poëzy.
- Thuis (2003), har meast persoanlike boek mei ferhalen, gedichten, deiboekfragminten, tekeningen en skilderijen.
- Zo groot als Hugo (2004), printeboek oer Hugo de Groot.
- De V van Venus (2004).
- Een royaal gebaar (2005)
- In de kamer van mijn vroeger (2007), bondeling fan persoanlike gedichten en skilderijen n.o.f. Bloems 55e jierdei.
- Vervlochten grenzen (2009), roman oer de trijehoeksrelaasje Nederlânsk Ynje, Yndoneezje, Nederlân. Nominearre foar de Du Perron Priis 2009.
- Geen Requiem (2009), gedicht oer de wederwarichheden fan Yndyske Nederlanners yn de Twadde Wrâldkriich.
- Als je man verandert (2010) non-fiksje, boek tegearre mei urolooch Paul Kil oer prostaatkanker.
- Een lege tas (2010)
- Meer dan Mannelijk (2011)
- Het Bali van Bloem (2012), boek oer Baly mei foto's fan Ivan Wolffers
- Een meisje van honderd (2012), grutte famyljeroman mei as haadpersoan de heldersjende Moemie
- Haar goede hand (2016), roman mei in kleurich portret fan in mem
- Een teken van leven (2019), biografysk wurk oer de pine fan in ferlies
- Indo. Een persoonlijke geschiedenis over identiteit (2020)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1993 de E. du Perronpriis foar har hiele oeuvre.
- 2009 Nominaasje foar de E. du Perronpriis foar har roman Vervlochten grenzen (2009).
- 2022 de Constantijn Huygens-priis foar har hiele oeuvre.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marion Bloem fan Wikimedia Commons. |
Kategoryen:
- Nederlânsk psycholooch
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk keunstskilder
- Nederlânsk yllustrator
- Nederlânsk koarte-filmregisseur
- Nederlânsk telefyzjeregisseur
- Nederlânsk filmregisseur
- Nederlânsk polityk aktivist
- Nederlânsk persoan fan Yndonezysk komôf
- Súdgeldersk persoan
- Persoan berne yn 1952