Springe nei ynhâld

Oarlochsskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Marineskip)
De HMCS Algonquin, in Kanadeeske torpedoboatjager.
Pânserskip Hr.Ms. De Zeven Provinciën fart de haven fan De Helder út

In oarlochsskip of marineskip is in militêr skip dat yn gebrûk is by de marine of de kustwacht, en dat boud is foar oarlochfiering te wetter. Sokke skippen wike troch bou en doel ôf fan boargerskippen. Sa binne se folle skeabestindiger, en teffens binne se yn 'e regel bewapene mei geskut en/of mei swiere masinegewearen en oare wapensystemen. Njonken oarlochsskippen hat de marine ek skippen yn gebrûk dy't net foar oarlochfiering bedoeld binne, lykas transportskippen en hospitaalskippen.

Soarten oarlochsskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste fermeldings fan oarlochsskippen yn histoaryske boarnen geane oer galeien út 'e Aldheid, dy't troch alle seefarrende lannen út it Middellânske-Seegebiet brûkt waarden en har fuortbeweegden troch mankrêft yn 'e foarm fan roeiers. Sa beskikten de âlde Griken oer biremen en triremen, galeien mei twa, resp. trije dekken fan roeiers ûnderinoar, wêrfan't de boech tarist wie mei in stoarmraam om 'e skippen fan 'e fijân mei ta sinken te bringen. De galei hold oant djip yn 'e Midsiuwen stân, al waard de foarm meitiid wol modernisearre.

De HMS Invincible, in Britsk fleandekskip.

Nei de útfining fan it buskrûd yn Jeropa waarden oarlochsskippen foar it earst tarist mei kanonnen. Dêrtroch feroare de oarlochfiering op see yngripend. Nei de Midsiuwen makken seefarrende naasjes as it Keninkryk Portegal, it Keninkryk Spanje, it Keninkryk Frankryk, it Keninkryk Ingelân, it Osmaanske Ryk, de Republyk Feneesje en de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen earst bewapene keapfardijskippen foar harren float. Letter waarden mear spesjalisearre oarlochsskippen boud. Yn 'e njoggentjinde iuw en iere tweintichste iuw folge in nije modernisearrings troch de útfining fan steamskippen en letter motorskippen.

Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw hiene lannen as de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Dútslân en Frankryk oarlochsskipstypes as de dûkboat, de torpedoboatjager, de kruser en it slachskip yn 'e tsjinst. It hichtepunt fan it bestean fan it slachskip, it grutste soarte oarlochsskip fan syn tiid, wie de Slach by Jutlân yn 'e Earste Wrâldoarloch tusken de Britske Keninklike Marine en de Dútske Keizerlike Marine.

Yn it Ynterbellum feroare der in protte foar de oarlochfiering op see troch it yn gebrûk nimmen fan 'e jachtfleanmasine en de bommesmiter troch de marine. Dêrtroch waard nammentlik de yntroduksje fan it fleandekskip needsaaklik, dêr't sokke fleantugen fan opstiigje en op lânje koene. Under de Twadde Wrâldoarloch die bliken hoe totaal oars oft seeslaggen dêrtroch waarden, bgl. yn 'e ferneamde Slach by Midway, dêr't de Japanske Keizerlike Marine in krúsjale nederlaach tabrocht waard troch fleantugen fan fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Marine. Tsjintwurdich is it fleandekskip noch altyd it grutste oarlochsfartúch dat der bestiet. De measte fleandekskippen hawwe, krektlyk as de gruttere moderne dûkboat, in oandriuwing dy't basearre is op in kearnreäktor. De grutere fleandekskippen hawwe in bemanning fan mear as 5.000 koppen oan board.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.