Marijekatedraal (Killarney)

Ut Wikipedy
Katedraal fan Killarney

Killarney Cathedral

Lokaasje
lân Ierlân
county Kerry
plak Killarney
koördinaten 52°3' N 9°31' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolyke Tsjerke
bisdom Kerry
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1828-1855
boustyl neogotyk
Webside
killarneyparish.com
Kaart
Marijekatedraal (Ierlân)
Marijekatedraal

De Marijekatedraal fan Killarney is in roomsk-katolike katedraal yn Killarney yn it Ierske greefskip Kerry. It is de biskopstsjerke fan it bisdom Kerry.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Middenskip rjochting koer'.

Foar de bou fan 'e neogoatyske katedraal waarden de missen yn in lytse kapel fierd. It inisjatyf foar de bou fan in katedraal kaam fan Joseph O’Sullivan, in preester út Dingle en hy wist biskop Cornelius Egan en in ealman foar syn plan te ynteressearjen.

Yn 1828 waard it boukomitee stifte en yn 1840 makke de arsjitekt Augustus Welby Northmore Pugin de tekeningen foar de katedraal. Twa jier letter, yn 'e simmer fan 1828, waard de earste stien lein foar de nijbou. De grutte hongersneed yn Ierlân makke yn maaie 1848 lykwols in ein oan 'e bou.

Oan it begjin fan 1853 waard it wurk wer oppakt. Op 22 augustus 1855 fûn de wijing fan 'e tsjerke oan de Himelfeart fan 'e Jongfaam Marije plak.

De katedraal is de op twa nij grutste katedraal fan it lân. De toer is 85,8 meter heech.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Marienkathedrale von Killarney