Isakova begûn as jong famke mei it reedriden, en as foar't se 16 jier âld wie die se al mei oan it Sovjetkampioenskip fan 1936. Om mei dwaan te kinnen liigde se oer har leeftiid, omdat se doe eins noch te jong wie om mei te dwaan te meien. De bertedatum 5 july 1918 dy't doe opjûn is, is noch geregeld wei werom te finen yn artikels oer har.[1] Op it Sovjetkampioenskip fan 1936 behelle se in 5e plak yn it einklassemint, nei't se op de 500 meter ûnderút gien wie. Op de oare trije ôfstannen behelle se in 3e plak. Yn 1937 en 1938 einige se as 4e, yn 1944 wûn se sulver. It oare jier, en de fjouwer jier dêrnei, waard se allround kampioene fan de Sovjetuny, fiif kear op rige. Maria Isakova hat trije kear meidien oan de wrâldkampioenskippen reedriden en alle trije de kearen waard se wrâldkampioen. Se waard dêrmei de twadde reedrydster dy't trije kear wrâldkampioene waard (nei Laila Schou Nilsen) en de earste rydster dy't trije kampioenskippen op rige wûn. Troch seleksjekritearia sa't dy yn de Sovjetuny hantearre waarden, mocht se nea útkomme op de Olympyske Winterspullen.
Maria Grigorjevna Isakova ferstoar op 25 maart 2011, yn 'e aldens fan 91 jier.