Springe nei ynhâld

Margaret A. Edwards Award

Ut Wikipedy
Margaret A. Edwards Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar jongereinliteratuer
útrikt troch American Library Association
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1988
offisjele webside
ala.org/yalsa/edwards

De Margaret A. Edwards Award (ek wol de Margaret Edwards Award neamd) is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan in auteur foar in spesifyk diel fan syn of har oeuvre, dêr't hy/sy in wichtige en duorjende bydrage mei levere hat oan 'e jongereinliteratuer. De priis wurdt útrikt troch de Young Adult Library Services Association ("Feriening fan Biblioteektsjinsten foar Jongerein"), in ûnderdiel fan 'e American Library Association ("Amerikaanske Biblioteekferiening"; ALA). Hy is ferneamd nei bibliotekaresse Margaret A. Edwards (1902-1988), in pionier op it mêd fan de opbou fan kolleksjes jongereinliteratuer yn Amerikaanske biblioteken. De earste útrikking wie yn 1988, en sûnt is de priis, dêr't in bedrach fan $2.000 oan ferbûn is, elts jier útrikt, útsein yn 1989. Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Ursula K. Le Guin (2004), Orson Scott Card (2008) en Terry Pratchett (2011). Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: