Marcel Lobelle

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Marcel Jules Odilon Lobelle (Kortrik, om 1893 - Slough, 30 augustus 1967) wie in Belgysk loftfeartyngenieur en fleantúchûnt.

Yn de Earste Wrâldoarloch focht er yn it Belgyske leger en rekke swier ferwûne yn de slach om de Izer yn oktober 1914. Yn 1917 ferliet er it leger, mar koe net werom nei syn famylje dy't yn beset gebiet wenne. Dêrom gie er nei Ingelân. Hy wurke dêr earst by W. G. Tarrant Ltd. en dêrnei by Martinsyde.

Yn 1925 waard er haad fan de ûntwerpôfdieling fan de Fairey Aviation Co.. Hy wie dêr ferantwurdlik foar it ûntwerp fan tal fan fleantugen.

Yn 1940 ferliet hij Fairey. Tegearre mei Eric Mobbs naam er de R. Malcolm Company oer, dy't jildproblemen hie. Eric Mobbs brocht it nedige jild yn en waard direkteur fan it bedriuw, dat dêrnei M.L. Aviation waard (mei de L fan Lobelle en de M fan Mobbs). M.L. Aviation ûntwurp en boude allerhanne ûnderdielen en systemen foar de fleantúchyndustry. Lobelle ûntwurp ûnder mear in fleanhelm mei ynboud soerstofmasker om 1961.[1]

Lobelle stoar yn de âldens fan 74 jier yn it Wexham Park Hospital yn Slough.

Lobelle syn ûntwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fairey Battle
Fairy Albacore

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. U.S. Patent 3167069, "Easily donned flying helmet" fan 26 jannewaris 1965 oan Marcel Jules Odion Lobelle, M.L. Aviation Co. Ltd.