Springe nei ynhâld

Ynformaasjesintrum Mar en Klif

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mar en Klif)

Ynformaasjesintrum Mar en Klif is it ynformaasje- en besikerssintrum fan de Súdwesthoeke.

It gebou sit yn de eardere iepenbiere skoalle mei skoalwente dy't yn de 'Frânske tiid' om 1810 hinne, boud is. Yn 1991-1992 waard it eardere streekmuseum 'Klif en Gaast' dat der yn siet feroare yn in besikerssintrum.

It besikerssintrum jout ynformaasje oer it gea, it goa en de kultuerhistoarje fan Gaasterlân. Sa sit ek it toeristysk ynformaasjepunt ‘Gaasterland Promotion’ yn it besikerssintrum. Neist de fêste tentoanstelling binne der ferskate oare aktiviteiten. Sa binne der fytstochten en ekskurzjes en foar bern binne der rûtes as de Kliffenrûte en It geheim fan Elfbergen. Berneteater en dochdagen biede in edukatyf programma foar skoallen.

  • Gaasterland - Eeuwenoud land tussen Mar en Klif (te keap yn it sintrum)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]