Springe nei ynhâld

Maksiminus Traks

Ut Wikipedy
Maksiminus Traks

Maksiminus Traks (ek Maksiminus I en somstiden Maksiminus de Traasjer neamd) (sa. 173maaie 238) wie tusken 235 oant maitiid 238) keizer fan it Romeinske ryk. Syn folsleine Latynske namme wie Gaius Julius Verus Maximinus, mei de bynamme 'Traks' foar 'de Traasjer'. Hie wie de earste yn rige fan saneamde "soldatekeizers".

Maksiminus waard berne yn in ienfâldich Trasysk feehoedersfamylje. As jongfeint waard er soldaat yn it Romeinske leger en ûnder keizer Septimius Severus makke hy al gau opgong.

Hy stie bekend om syn enoarme lingte en legindaryske krêft. Keizer Septimius Severus wie sa ûnder de yndruk fan syn prestaasjes as wrakseler dat er him ta syn persoanlike liifwacht beneamde. En ek by de opfolger fan Septimius Severus, Karakalla wie hy populêr. Nei de dea fan Karakalla ferliet er leger en kaam werom ûnder Severus Aleksander, dy't him in hêge ofsiersposysje joech.

Hy wie tige populêr by de soldaten en waard fuortendaliks troch de troepen ta nije keizer útroppen nei de moard op Severus Aleksander. Syn soan Maksimus beneamde hy ta Caesar.

As keizer fierde Maksimus oanhâldend kriich tsjin de fijannen fan it Romeinske ryk. Yn Germaanje en by de Donau del behelle hy grutte súksessen. Lywols kosten syn militêre kampanjes in slompe jild en dêrom waarden troch him de belestings drastysk ferhege om dat bekostigje te kinnen. Yn de Romeinske senaat joech dat in soad argewaasje en sy besleaten om him yn 238 as keizer ôf te setten en waard ta steatsfijân ferklearre. Yn it ryk brutsen alderlei opstannen út en benammen de opstân yn Afrika krige de stipe fan de senaat. De opstân yn Afrika waard laat troch Gordianus I en Gordianus II, dy't beide as keizer erkend waarden.

Doe't de opstân nei inkele wiken mislearre en de beide Gordianen sneuvele wienen, beneamde de senaat Pupienus en Balbinus ta keizers om Itaalje te bestjoeren en te ferdigenjen tsjin de ôfsetten keizer Maksimus.

Doe't Maksimus it nijs te hearren krige dat er troch de senaat ôfsetten wie, luts er op nei Rome om de haadstêd te ûnderwerpen. By Aksuileia yn Noard-Itaalje waard hy lykswol tsjinhâlden troch in sterke ferdigening. It belis om Aksuileia die net folle fertuten. Uteinlik soed er mei syn soan fermoarde wurde tusken april en juny 238 troch syn eigen soldaten, noch foardat sy Rome berikke koenen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michael L. Meckler artikel oer Maksiminus Thraks, yn DIR, (1997), (Ingelsk) ]