Springe nei ynhâld

Maksimalen

Ut Wikipedy

De Maksimalen wie in groep Nederlânske dichters yn de jierren 1980. Yn 1988 publisearren sy de dichtbondel Maximaal!.

De wichtichste skriuwer fan dit selskip wie Joost Zwagerman. Arthur Lava, Tom Lanoye en noch acht wat minder bekende dichters hearden ek ta dizze beweging. Sy woenen iepen en dynamyske poëzij bringe dêr't it libben yn al syn fasetten (rau) yn trochklonk. Ferstilling en ynbannigens hearden dêr net by. Hja hopen in omkearing yn de yn harren eagen ferslomme, stoffige literatuer te wei te bringen.

De froulike tsjinhinger fan de Maksimalen wie de "Nije Wylden" mei Elly de Waard foaroan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Cees van der Zalm, Prisma van de letterkunde. Het Spectrum, Utert (1990)