Maggi (merk)
Maggi is in merk fan kant-en-kleare sop, bûljon, bûljonblokjes, ketchup, sauzen, en noodles. It merk is ûnderdiel fan Nestlé.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It merk Maggi waard yn 1872 oprjochte yn Switserlân troch Julius Maggi. Hy woe fia it merk de arbeidersklasse foarsjen fan fiedsel mei hege fiedingswearde. Yn 1886 ûntwikkele hy it earste standertsop. Yn 1897 rjochte Julius Maggi it bedriuw Maggi GmbH op yn de Dútske stêd Singen. Yn 1908 folge it earste bûljonblokje, destiids “maggiblokje” neamd.
De flesse waard mooglik betocht troch Jules de Praetere, in Flaamsk keunstskilder en grafikus dy't om 1906 mei it ûntwerp kaam. It byldmerk 'Kreuz-Stern', in stjer mei in krús yn 'e midden is betocht troch Julius Maggi sels. Syn biedwurd wie 'per ardua ad astra', "Troch swierrichheden - it krús - nei de stjerren ta", in muoisume reis nei súkses. De plant levisticum officinale krige troch de saus de namme "maggiplant", in namme dy't yn 1953 foar it earst yn de Ljouwerter Krante opdûkte.
Julius Maggi wie soan fan in Italjaanske ymmigrant dy't op 23-jierrige leeftyd de mealderij fan syn heit oernaam. Doe't er beynfloede rekke troch in dokter Schuler, dy't it iten foar de arbeidersklasse ferbetterje woe, ûntwikkele Maggi in fiedsume en goedkeape mealing fan pûlfruchten. Letter kamen der kant-en-kleare soppen by. Troch aaiwiten te ûntbinen en dat in pear moanne stean te litten ûntstie yn 1886 it "Maggi-Würze" in goedkeap alternatyf foar fleisekstrakten. Dat der 'Sinds 1895' op stiet is frjemd, want de maggi is pas yn 1902 yn Nederlân yntrodusearre. Dat barde troch de Amsterdamske hanneler Paul Horn. Lang wie soaja in bestândiel fan de maggi, mar dat is yn 2006 ferfongen troch in smaakfersterker. Op de alderearste fleskes stie ek in hantekening fan Julius Maggi, dy ferdwûn yn de jierren fyftich, mar stiet no wer op it fleske.
Yn 1947 waard Maggi as merk oernomd troch Nestlé.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|