Springe nei ynhâld

Maria Curie-Skłodowska

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Madame Curie)
Marie Curie, 1911
Pierre en Marie Curie yn harren laboratoarium

Maria Salomea Skłodowska-Curie (Warsjau, 7 novimber 1867 – by Sallanches, 4 july 1934) wie in Poalsk-Frânsk natuer- en skiekundige. Hja wie in pionier op it gebiet fan elektromagnetyske strieling.

Se ferhuze nei Parys om skiekunde en natuerkunde te studearjen oan de Sorbonne-universiteit. Oan dy universiteit waard se dêrnei de earste froulike dosint. Oan de Sorbonne mette se in oare dosint, Pierre Curie, dêr't se mei boaske.

Har wichtichste wurk hat it ûndersykjen west fan de ionisearjende strieling en it ûntdekken of syntetisearjen fan de (radio-aktive) eleminten polonium en radium. Yn 1903 krige se, tagelyk mei har man, de Nobelpriis foar de Natuerkunde.

Marie Curie ferstoar oan leukemy, wat nei alle gedachten kaam is troch't hja yn har wurk oan in enoarme doasis radio-aktive strieling bleatsteld west hat.

Neitins fan Marie Curie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marie Curie wie yn 1995 de earste frou dy't út reden fan eigen ferstjinste byset waard yn it Panthéon, Parys.

Yn in perioade fan hyperynflaasje stie it byltnis fan Madame Curie op de Poalske bankbiljetten fan 20.000 złoty.

It elemint Curium en in ienheid foar radio-aktive strieling, de Curie, binne ferneamd nei Marie en Pierre Curie.