Springe nei ynhâld

Macbeth fan Skotlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Macbeth I fan Skotlân)
Sêne út MacBeth
(Skilder: George Cattermole (1800–1868))

Macbeth fan Skotlân (*± 1005 - + 15 augustus 1057 ) wie fan 1032 ôf Mormaer fan Moray en fan 14 augustus 1040 oant syn dea kening fan Skotlân. Syn namme "Mac Bethad" is Keltysk foar "Soan fan (it) Libben". Fan himsels witte we allinnich dat er "rossich wie mei giel hier en grut fan stal".

Hy wie de soan fan Finlach fan Moray. Syn mem en har komôf binne net wis. Der wurdt wol oannaam dat it in dochter wie fan Kenneth II fan Skotlân. Yn 1032 ferstoar syn neef Gillacomgain fan Moray, en orf Macbeth de titel fan Mormaer fan Moray. Hy troude dat jier ek mei Gillacomgain syn widdo. Dizze Frou Macbeth wie Gruoch, dochter fan prins Bodhe en pakesizzer fan kening Kennet III fan Skotlân, de kening dy't troch de kening fan dy tiid Malcolm II fan Skotlân fan de troan stutsen wie.

Oanspraak op de troan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Macbeth wie pakesizzer fan in Skotske kening, troud mei pakesizzer fan in oare Skotske kening. En de Mormaers fan Moray wienen faak sjoen as de keningen fan it noarden fan Skotlân, en wienen de neikommelingen yn manlike line fan de lieders fan ien fan de stammen dêr't Skotlân út foarme wie. Dat, doe Malcom II yn 1033 de lêste oare manlike erfgenamt fan de Skotske keningen fermoarde, bûten himsels, en dêrtroch it Skotske keningshûs útstoar, om't er yn Skotlân gjin froulike linen gouden, hie Macbeth in bêste oanspraak. Mar Malcolm wiisde Duncan I fan Skotlân oan, de soan fan syn âldste dochter.

Kriich om de troan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Malcolm yn 1034 ferstoar, waard Duncan kening. Op 14 augustus 1040 waard er deade, sa't it no liket troch syn eigen mannen, mar der is lang oannaam dat Macbeth jierren lang in boargerkriich hâlden hie, faaks tegearre mei Thorfinn fan Orkney, in jongere neef ta Duncan, en dat Macbeth Duncan úteinlik fermoarde.

Macbeth wie in sterk kening. Troch him wie gâns Skotlân feriene ûnder ien hear. Under syn bewâld gong it goed mei Skotlân. Yn 1045 waard Crinan, de heit fan Duncan, deade yn Dunkeld, nei alle gedachten doe't er besocht Macbeth te ferslaan, en yn 1046 oerweldige Siward fan Northumbria Lothian, eart Macbeth him tebekslaan koe. Mar oer it gemien naam wie de sitúaasje yn Skotlân yn syn tiid stabyl. Sa goed gong it, en sa stabyl wie it, dat Macbeth sûnder problemen yn 1050 foar in pear moannen op pylgergong nei Rome gean koe, en dat er dêr in soad jild oan de earmen jaan koe.

Yn 1054 begûn Malcolm Canmore, Duncan syn soan, tegearre mei Siward fan Northumbria, in oarloch om de troan fan Duncan werom te krijen. Op 15 augustus 1057 waard Macbeth troch de troepen fan Malcolm deade by Lumphanan. De troan gong foar in pear moannen nei syn styfsoan Lulach, oant Malcolm dy fermoarde en de troan oernaam. Macbeth wie de lêste Skotske kening dy't begroeven waard op Iona.

Der is net in soad mei wissens bekend oer Macbeth. Yn de skiednis fan Skotlân yn dy tiid binne net folle saken sûnder mis dúdlik, en fan de measte foarfallen, sels syn komôf, binne meardere ferzjes bekend. William Shakespeare hat ek in ferzje skreaun yn syn toanielstik De Trageedzje fan Macbeth, mar alhoewol't dat ferneamd wurden is, is der net folle fan wat histoarysk is.

De namme, "Mac Bethad" - "Soan fan it Libben", wol safolle sizze as "de Fromme." Dit koe ek in bynamme wêze, dy't wol past by in pylgergong nei Rome. Dêrom wurdt wol besocht dy namme te passen by ien fan de oare persoanen út dy tiid, lykas de jongere neef fan Duncan, Thorfinn fan Orkney. Mar oft dit wier it gefal west hat is net dúdlik.