George Cattermole
George Cattermole (Dickleburgh, ûnder Diss yn Norfolk, 10 augustus 1800 - 24 july 1868) wie in Britsk skilder en yllustrator. Hy wie in freon fan de skriuwer Charles Dickens en in protte oare skriuwers en keunstners. Syn wurk bestiet foar it meastepart út akwarellen.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er 14 jier wie gie er oan it wurk as arsjitekturaal en topografysk tekener foar de antikêr John Britton. Dêrnei wurke er mei oan ûntwerpen fan gravueres foar de yn dy tiid o sa populêre jierboeken. Dêrnei lei er him ta op akwarellearjen en waard yn 1822 assosearre lid fan de Royal Watercolour Society en yn 1833 folweardig lid. Yn 1850 luts er him werom út it aktive ferbân mei dy feriening en begûn er mei oaljeferve te skilderjen. Cattermole syn meast fruchbere perioade wie tusken 1833 en 1850. Op de wrâldtentoanstelling fan Parys yn 1855 ûntfong er ien fan de fiif gouden medaljes fan de earste klasse dy't oan Britske skilders takend waarden. Teffens waard syn wurk ûnderskieden yn Amsterdam en yn België. Ta syn meast wichtige wurken hearre The Murder of the Bishop of Liege, The Armourer relating the Story of the Sword, The Assassination of the Regent Murray by Hamilton of Bothwellhaugh, en (yn oaljeferve) A Terrible Secret.
Hy wurke in soad foar útjouwers en yllustrearre de Cathedral Antiquities of England fan John Britton, de Waverley Novels (fan Sir Walter Scott), it Historical Annual fan syn broer Richard Cattermole (syn sênes út de oarloggen fan de Cavaliers en de Roundheads yn dy rige behearre ta syn bêste wurk) en noch in protte oare wurken. Cattermole spesjalisearre him yn it útbyldzjen fan tafrelen fan ridderlikheid, midsiuwen en yn it generaal fan de romantyske kanten fan it ferline.
Cattermole waard beïerdige op it West Norwood begraafplak yn Londen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Caves at Karli
-
The grave of little Nel
-
Battle of Hopton Heath
-
Watermill, Westmoreland
-
Wanderings and excursions in North Wales (1836)
Fierder lêze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Cohen, Jane R. Charles Dickens and his original illustrators (Ohio State University Press, 1980), haadstik 5, s. 125 en fierder.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biografy (Victorian web)
- Works by Cattermole (Tate gallery, Londen)
- Wurk fan Cattermole (Scholars' resource)
- Portret fan Cattermole (National Portrait Gallery, Londen)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory George Cattermole fan Wikimedia Commons. |