Maarten Maartenshûs
It Maarten Maartenshûs is in yn 1902 boud bûtenhûs yn Doorn, (provinsje Utert).
Om 1900 waarden op de Utertske Heuvelrêch in soad bûtens boud. It hûs krige syn namme troch de skriuwer Maarten Maartens, de earste bewenner fan it hûs. Van Der Poorten Schwartz, Maarten Maartens wie syn skûlnamme, kocht de grûn yn 1884, mar wenne noch in soad jierren yn it bûtenlân. Hy wenne fan 1903 oant syn dea yn 1915 yn it hûs mei syn frou, Anna, en syn dochter, Ada.
It Maarten Maartenshûs waard boud njonken it lytsere lânhûs De Zonheuvel, dat ± 1840 boud waard. De efterside fan it Maarten Maartenshûs is nei de wei rjochte, mei dêr tuskenyn in tún yn Versaillesstyl. It poartegebou waard bewenne troch de butler en hie dêrneist in funksje as stâl anneks koetshûs. It ynterieur fan it hûs hat noch in soad bysûndere stikken, bygelyks in lânkaart út 1696 fan Bernard Du Roy.
Yn de jierren tweintich fan de tweintichste iuw, nei it ferstjerren fan Anna, waard de Stichting Zonheuvel oprjochte troch Ada. De stichting joech it hûs in funksje as konferinsjeoard, en sintrum foar jeugdwurk. Yn de Twadde Wrâldoarloch siet der in needhospitaal yn. Ada ferstoar yn dit hospitaal yn 1944. Yn 1974 waard it Maarten Maartenshûs troch it Stichting J. Slotemaker de Bruïne-ynstitút kocht. Tsjintwurdich hat it in funksje as sealferhier- en konferinsjesintrum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|