Springe nei ynhâld

Mûzefalkfûgels

Ut Wikipedy
Mûzefalkfûgels
Mûzefalk (Buteo buteo)
Mûzefalk (Buteo buteo)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: haukeftigen (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje: mûzefalkfûgels (Buteoninae)

De mûzefalkfûgels, mûzebiterfûgels of mûzefangerfûgels (Buteoninae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 16 skaaien en sa'n 63 soarten. Binnen de haukfûgels steane de mûzefalkfûgels it tichtst by de gleeën (Milvinae) en de see-earnen (Haliaeetinae), sa dat dizze groepen ek wol ta deselde ûnderfamylje rekkene wurde, of dat inkele lea by in oare ûnderfamylje rekkene wurde (bygelyks de neisteande skaaien Ictinia, Rostrhamus en Helicolestes by de gleeën).

De mûzefalkfûgels binne middelgrutte oant grutte rôffûgels mei in lichemslingte fan 30 oant 110 cm en in wjukspanwiidte fan 8 oant 155 cm. Se hawwe in middellange, ôfrûne sturt en koarte teannen. Se binne minder linich as de earnen en de falken en harren lichemsbou is tige gaadlik foar lange glydflechten. De mûzefalkfûgels ite meast lytse of middelgrutte sûchdieren.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]