Mûzefalken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mûzebiters)
Mûzefalken
Mûzefalk (Buteo buteo)
Mûzefalk (Buteo buteo)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: haukeftigen (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje: mûzefalken (Buteoninae)

De mûzefalken, mûzebiters of mûzefangers (Buteoninae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 16 skaaien en sa'n 63 soarten. Binnen de haukfûgels steane de mûzefalken it tichtst by de gleeën (Milvinae) en de see-earnen (Haliaeetinae), sa dat dizze groepen ek wol ta deselde ûnderfamylje rekkene wurde, of dat inkele lea by in oare ûnderfamylje rekkene wurde (bygelyks de neisteande skaaien Ictinia, Rostrhamus en Helicolestes by de gleeën).

De mûzefalken binne middelgrutte oant grutte rôffûgels mei in lichemslingte fan 30 oant 110 cm en in wjukspanwiidte fan 8 oant 155 cm. Se hawwe in middellange, ôfrûne sturt en koarte teannen. Se binne minder linich as de earnen en de falken en harren lichemsbou is tige gaadlik foar lange glydflechten. De mûzefalken ite meast lytse of middelgrutte sûchdieren.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]