Springe nei ynhâld

Wide Mûntsegroppe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mûntse-Ie)

De Wide Mûntsegroppe of Mûntse-Ie is in mar yn de gemeente Smellingerlân. De mar ferbynt de Wide Ie mei de eastliker lizzende Nije Mûntsegroppe. Troch dit brede stik fan de feanrivier rint in mei tûnen oanjûne fargeul.

De namme Wide Mûntsegroppe jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Monnike Ee.