Springe nei ynhâld

Mao Tse-toeng

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Máo Zédōng)
Mao Tse-toeng (1959)

Mao Tse-toeng (Shaoshan, 26 desimber 1893Peking, 9 septimber 1976) wie in Sineesk steatsman.

Yn 1921 naam Mao diel oan de oprjochtingsgearkomste fan de Sineeske Kommunistysk Party (SKP) yn Shanghai. Hy wie ien fan de pleitbesoargers fan in Feriene Front-polityk mei Soen Jat-sen Kwo-min-tang (KMT) tsjin de oarlochslieders yn it noarden fan Sina dat begjin 1924 ta stân kaam. Mao waard ien fan kommunistyske leden fan it Sintrale Utfierings Komitee fan de KMT. Nei de steatsgreep fan Tjiang K'ai-sjek luts Mao him mei sa'n 1.000 meistanners werom yn Tjiangsy. Yn 1934 waard de posysje fan de kommunisten hjir sa min, dat besletten waard om út te brekken. Yn de 'Lange Mars' dy't doe útein sette oermastere Mao foarfêst de macht yn de party. Fan dy tiid ôf fine de ideeën fan Mao oer de revolúsje ûnder de boerebefolking yngong.

Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich mislearre de ûnderhannelingen fan de kommunisten mei de Nasjonalistyske regearing en al gau wie in boargeroarloch feit. De Kommunisten behelje de oerwinning en op 1 oktober 1949 waard yn Peking de Sineeske Folksrepublyk útroppen, dêr't Mao 'foarsitter', dat wol sizzen steatshaad fan waard.

Yn de jierren fyftich en sechstich hâlde Mao in oantal grutte polityk-ideologyske kampanjes en waarden yngripende wizingen trochfierd om de Sineeske maatskippij en it tinken fan de Sinezen te transformearen (Grutte Sprong Foarwerts, permaninte revolúsje, reade boekje en kulturele revolúsje).

Hoewol't heechbejierre bleau Mao oant syn dea de ûnbesliste leider fan Sina.

  • Hans Achterhuis: Mao Tse-Toeng: filosoof van de vrijheid, yn Filosofen van de derde wereld: Frantz Fanon, Che Guevara, Paulo Freire, Ivan Illich, Mao Tse-Toeng, útjouwerij. Ambo, Bilthoven (1975, ferskate werútj.); pp.104-124.
  • Jung Chang, Jon Halliday: Mao, het onbekende verhaal, Forum 2005, 944 sd., 58 haadstikken: 15 siden mei yntervieuws, 56 siden noaten, 29 siden bibliografy en boarnen yn 't Sineesk, 26 siden net-sineeske bibliografy en boarnen, ISBN 978-90-225-4794-6
  • Li Zhisui: Het Privé-leven van MAO ûntfâlde troch syn liifdokter Li Zhisui, Uitg. Balans Amsterdam (1995), 662 pagina's, ISBN 90-5018-279-8