Springe nei ynhâld

Lânfâd

Ut Wikipedy

In lânfâd (froulike foarm: lânfâdesse) is in algemiene histoaryske oantsjutting foar it amt fan in persoan dy't yn ôfwêzichheid fan 'e lânshear as fertsjintwurdiger fan dyselde lânshear it lân bestjoerde. Dit amt kaam sterk oerien mei dat fan gûverneur, gûverneur-generaal, steedhâlder en regint. De gebieten dy't troch gûverneurs en steedhâlders bestjoerd waarden, wiene lykwols ornaris lytser as it gebiet dat troch in lânfâd bestjoerd waard, en dêropta hiene lânfâden grutter foech. It ferskil mei gûverneurs-generaal wie, dat dy lêsten benammen foarkamen yn 'e kontekst fan it kolonialisme, as bestjoerders fan koloanjes. En fan in regint of regintesse wie fral sprake yn it gefal fan 'e minderjierrigens fan in hearsker.

De term 'lânfâd' is benammen bekend út 'e steatsrjochtlike sitewaasje yn 'e Nederlannen yn 'e sechstjinde iuw, doe't dy bestjoerd waarden troch de leden fan it Hûs Habsburch. Karel V, dy't regearre fan 1506 oant 1555, wie behalven hear fan 'e Nederlannen ek keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kening fan Spanje. Hoewol't er syn hof yn Brussel hie, wied er gauris op reis en as er al thús wie, waard in grut part fan syn tiid yn beslach nommen troch Dútske en Spaanske oangelegenheden. Dêrom stelde er in lânfâd(esse) oan dy't him/har folslein op it bestjoer fan it Nederlânske diel fan syn ryk talizze koe. Fral Karel syn muoike Margareta fan Savoaye en syn suster Marije fan Hongarije beklaaiden dat amt lange tiid.

Yn 1555 waard Karel V opfolge troch syn soan Filips II, dy't syn hof yn Spanje fêstige. Hy stelde syn healsuster Margareta fan Parma oan as lânfâdesse, mar doe't dy nei syn sin net hurd genôch yngriep om 'e oanboazjende ketterij yn 'e Nederlannen yn bloed te smoaren, stjoerde er yn 1567 don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva, om har te ferfangen. Nei fiif jier die bliken dat it ûnmeilydsume belied fan Alva it der allinnich mar minder op makke hie, en dêrom waard dy saneamde Izerne Hartoch doe opfolge troch don Luis de Requesens y Zúñiga. Neitiid folge yn 'e Súdlike Nederlannen in lange rige lânfâden dêr't pas yn 'e Frânske Tiid in ein oan kaam, wylst de Noardlike Nederlannen har as de Republyk fan 'e Sân Feriene Provinsjes fan it Spaanske bestjoer losmakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: