Springe nei ynhâld

Lytse parlemoerflinter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lytse Parlemoerflinter)
lytse parlemoerflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai lytse parlemoerflinters (Issoria)
soarte
Issoria lathonia
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De lytse parlemoerflinter (Issoria lathonia) is in flintersoarte yn it skaai fan de Issoria.

Yn de dunen is de flinter in algemiene stânflinter. Yn it binnenlân is it in ûnregelmjittige stânflinter. It is swalklustige soarte. De flinter hâldt fan skrale, drûge en waarme greiden mei fioeltsjes.

Op de reade list stiet de flinters as kwetsber.

De flinter fljocht fan begjin april ôf, oant ein novimber. Foaral tusken 15 oant 25 april en tusken 10 juny en augustus. Fljocht altyd yn trije oerrinnende generaasjes.

De wjuklingte fan de flinter is likernôch 19 oant 23 mm lang. Op de ûnderkant fan de efterwjukken sitte grutte sulveren plakken. De wjukfoarm is hoekich.

De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is swart mei toarnen. De kop is ljochtbrún mei donkere plakjes. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. De groeiperioade fan de rûp is yn de hjerst, it foarjier en de simmer. De rûp groeit fluch.

De rûp fret fan it dúnfioeltsje, lyts fioeltsje en it trijekleurich fioeltsje.