Lysterstrjitte (Feanwâlden)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Lysterstrjitte is in strjitte yn Feanwâlden.

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lysterstrjitte leit oan de eastkant fan Feanwâlden, en rint fan de Haadstrjitte nei de Ljiploane. De strjitte is neamd nei de Lyster, as ien fan de strjitten fan in fûgelbuert.

Buorre-ynsidint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strjitte kaam yn jannewaris 2005 yn it nijs troch in eskalearre buorre-ynsidint. In húshâlding út de strjitte koe der blykber sa min oer dat harren buorlju út Somaalje kamen dat se dy buorlju narre hienen oant dy út it doarp fuortflechten. Dêr heart wol de kanttekening by, dat de narders en de buorlju dy't narre waarden yn it earstoan oates en toates wiene.

De wenteboustifting, Wenteboustifting Dantumadiel, is in proseduere begûn om de narders út te setten, mar dat naam te folle tiid om de situaasje rêde te kinnen. De Somalyske húshâlding hat in skofke ûnderdûkt west, mar is úteinlik nei Ingelân nei famylje gongen.

It ferhaal fan de narderij en it ferfarren kaam yn it nijs nei't it 13 jannewaris yn de skoalkrante fan de Theun de Vries Basisskoalle stien hie. It buorre-ynsidint krige doe in soad omtinken yn de media. Mooglik yn reaksje op it nijs waarden ek ruten ynsmiten by de lju dy't de Somalyske húshâlding fuortnarre ha soenen.