Lykdicht
Appearance
In lykdicht is in gedicht as neitins oan in ferstoarne. Meidat it nei oanlieding fan in stjergefal ûntstiet, is it fansels in gelegenheidsgedicht. It kin yn opdracht skreaun wêze, en is faak in opsomming fan de deugden en kwaliteiten fan de ferstoarne. Dit makket sokke gelegenheidspoëzie net selden formeel en plichtmjittich, en se wurdt dêrom wol ûnderskiede fan de elegy, dy't, yn de betsjutting fan "kleisang", trochstrings emoasjoneler fan aard is.
Mar ek lykdichten kinne ta grutte literê hichte komme. In foarbyld is Kinder-Lijck fan Vondel, tagelyk in klacht om syn ferstoan bern, "Constantijntje, 't zalig kijndtje", en in bespegeling oer de ivichheid en oer de goedheid fan God.