Lutske Bleek
Appearance
(Trochferwiisd fan Lutje Bleek)
De Lutske Bleek (offisjeel Lutje Bleek) wie in terrein dat besuden it Grutdjip yn Dokkum lei. It terrein waard yn 1586 oankocht troch it "Blokhúster Espel" as mienskiplike bleek.
It gers fan de bleek (of blikke) waard op Kopermoandei ferkocht en ûnder de buertgenoaten ferdield. De bleek is no beboud, mar de gemeentlike útkearing fan twa gûne oan de 235 bewenners is oant nei it midden fan de 20e iuw bleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|