Lollius Adema

Ut Wikipedy

Lollius Adama (Aldskoat, 1737 - Snits, 25 juny 1811) wie abbekaat en gemeentesekretaris. Lollius wie de soan fan dûmny Barre Adama en Aaltje Feikens, liet him op 23 septimber 1757 ynskriuwe as juridysk kandidaat oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer, dêr't hy yn 1763 yn de rjochten promovearre. Troude op 24 july 1763 mei Dirkje Buma (Snits, 22 juny 1736 - dêre, 5 oktober 1808). Barro Adema, de lettere bestjoerder, wie harren soan.

Hy waard abbekaat foar it Hof fan Fryslân (1763) en troch dit Hof beneamd ta meiâldste abbekkaat foar dat Hof, wie sekretaris fan Wymbritseradiel (1778-87) en boarger fan Snits ( 6 oktober 1775), dêr't hy it hûs bewenne, dat letter de herfoarme pastorije waard op it Achterom by de roomske tsjerke. Neist syn wenning hied er de sekretary, letter kategesaasjekeamer. Boppedat hied er de post fan dyksdeputearre fan it wetterskip Wymbritseradeels c.a. kontribúsje seediken (1777-94) en folmacht fan de Lândei (1779-86).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: