Springe nei ynhâld

Logigram

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Logikwis)

In logigram, of logikwis, is in soart puzel, wêryn't men in tal "attributen" tawize moat oan in tal "aktoaren", troch de ynformaasje út de opjûne oanwizings logysk te kombinearjen. It is in populêr type puzels wêrfoar't útjouwers lykas Denksport, spesjale tydskriften meitsje. As helpmiddel wurdt dêrby in roaster ôfdrukt mei alle mooglike kombinaasjes; de spiler kin dêryn de krekte kombinaasjes ynfolje, bygelyks mei in Goed, en de ûnmooglike kombinaasjes mei in Fout.

Dit soarte puzels kinne oplost wurde troch logysk kombinearjen en útsluten fan de ynformaasje mei oanwizings. De ynformaasje moat genôch wêze om te puzel oplosse te kinnen. De swierrichheid hinget ôf fan it tal oanwizings dat jûn wurdt en de relaasjes tusken de oanwizings om de puzzel op te lossen.

Dizze puzel soe útfûn wêze troch Lewis Carroll. In soad foarkommend misferstân is lykwols dat dit riedsel komme soe fan Albert Einstein doe’t dy noch in jonge wie. Der binne ferskate foarmen fan dit riedsel, mar it meganisme bliuwt lyk. Aktoaren:

  • Der steane fiif huzen neist inoar, elk yn in oare kleur skildere.
  • Yn elk hûs wennet in persoan fan in oare nasjonaliteit
  • Elk fan de fiif persoanen hâldt fan in seker drankje, smookt in bepaald merk fan sigaretten, en hat in bepaald hûsdier. Nimmen hat itselde hûsdier, itselde drankje of itselde merk fan sigaretten as in oar persoan.
  • De fraach is: Wa drinkt wetter en wa hat in fret as hûsdier?

Oanwizings:

  • 1. De Ingelsman wennet yn it reade hûs.
  • 2. De Spanjert hat in hûn.
  • 3. Kofje wurdt der dronken yn it griene hûs.
  • 4. De Deen drinkt tee.
  • 5. It griene hûs stiet fuort rjochts fan it wite hûs.
  • 6. De smoker fan Camel-sigaretten hâldt kninen as hûsdier.
  • 7. De sigaretten fan it merk Mall Mall wurde yn it giele hûs opsmookt.
  • 8. Molke wurdt yn it middelste hûs dronken.
  • 9. De Noar wennet yn it earste hûs.
  • 10. De man dy’t Chesterfields smookt, wennet njonken de man mei de foks.
  • 11. It merk Pall Mall wurd smookt yn it hûs njonken it hûs fan de hynstefokker.
  • 12. De Lucky-Strike smoker drinkt leafst poeiermolke.
  • 13. De Dútser smookt sigaretten fan it merk Peter Stuyvesant.
  • 14. De Noar wenet njonken it blauwe hûs.


hûsnûmer 1 2 3 4 5
ferve .................. .................. .................. .................. ..................
nasjonaliteit . . . . .
drank . . . . .
sigaretten . . . . .
hûsdier . . . . .


Oplossing: Klik hjir foar de oplossing fan dit logigram.

Fryske logigrammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Frysk puzelboekje 3 en 4 ( 1989 ) ferskynden al Fryske logigrammen op papier.

Op de webside fan Logiquiz fan Dave Langers stean ek in tal ynteraktive Fryske logigrammen (nûmers 64-71 ).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]