Logigram



In logigram, of logikwis, is in logyske puzel.
De oplossing kin fûn wurde troch logysk kombinearjen en it útsluten fan de ynformaasje. It waard yn de tweintichste iuw in populêr puzelsoarte. Logigrammen ferskine yn Nederlânske kranten, tydskriften en puzelboekjes.
Guon sjogge it as edukatyf helpmiddel om logysk tinken te ûntwikkeljen. As helpmiddel wurdt meastal in skema ôfdrukt mei alle mooglike kombinaasjes; de spiler kin dêryn de krekte kombinaasjes ynfolje, bygelyks mei in + of - . De swierrichheid hinget ôf fan it tal oanwizings en de relaasjes tusken de oanwizings. In oare oanpak om sa'n puzel op te lossen is it weilitten fan alle mooglike oplossings dy't net foldogge oan de oanwizings[1]
Foarbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Fryske bakkerswedstriden gie it om it bêst slagge Fryske koekesoarte. Bakkers út ferskate Fryske doarpen diene mei. De brune en wite koeken, dúmkes en sûkerlatten foelen bûten de prizen. Kinne jo útfine wat de útslach wie?
- 1. Bakker Blomsma hat in soad ûnderfining mei krûdkoeke mar hy bakt se net yn Heech.
- 2. De winner fan de earste priis kaam út Bakkefean, mar hy hiet net Tromp.
- 3. Romke Toering einige heger as de bakker dy‘t in oranjekoeke ynlevere.
- 4. De krûdkoeke wûn de earste priis.
Ut boppesteande oanwizings kin ôflaat wurde:
- 1. Dus + yn it fekje krûdkoeke-Blomsma en min-en yn dat blok yn de fekjes yn deselde rige en kolom. Boppedat komt der in – yn it fekje Heech-Tromp
- 2. Dus + yn it fekje 1e-Bakkefean en – yn de kolom fan Tromp by 1e-Bakkefean. Dit betsjut dat hy út Riis kaam, mar net mei in krûdkoeke.
- 3. Dus Toering wûn gjin 3e priis (- yn krúsjend fekje ) en bakte net in oranjekoeke mar in keallepoat. Tromp waard dus mei syn oranjekoeke út Riis 2e of 3e (sjoch diagram)
- 4. Dus + yn it fekje 1e-krûdkoeke. De rest fan it diagram kin no ynfold wurde.
Fryske logigrammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Fryske puzelboekjes 3 en 4 1989 ) ferskynden al Fryske logigrammen op papier.
Op de webside fan Logiquiz fan Dave Langers stean ek in tal ynteraktive Fryske logigrammen (nûmers 64-71 ).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|