Little Black Bear Earste Naasje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Little Black Bear Earste Naasje
Gjin Flagge (Bekend).PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Little Black Bear First Nation
etnisiteit Kry, Assiniboin
lân Flag of Canada.svg Kanada
haadkertier Goodeve (Saskatchewan)
ledetal 450 (2006)
erkenning Flag of Canada.svg Kanada
oprjochte 1874
reservaat
reservaat Little Black Bear Reservaat 84
Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen
lokaasje Saskatchewan
oerflak 68,8 km²
ynwenners 160 (2006)
offisjele webside
littleblackbear.org
Lokaasje fan - (read) en Assiniboin-stammen (blau) yn Saskatchewan.

De Little Black Bear Earste Naasje (Ingelsk: Little Black Bear First Nation) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De namme fan 'e stamme wurdt ek wol (yn 'e besitlike foarm) werjûn as Little Black Bears Earste Naasje (Little Black Bear's First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Little Black Bear Earste Naasje bestiet as offisjele stamme-organisaasje sûnt 1874, en it haadkertier is fêstige yn Goodeve, yn Saskatchewan.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegegevens út 2006 hie de Little Black Bear Earste Naasje doe 452 leden. Dat binne etnyske Kry (Cree) fan 'e Flakte-Kry-substamme, en út etnyske Assiniboin (Assiniboine), in folk dat nau besibbe is oan 'e (Sioux). It is wat dreech om 'e stamme neffens etnyske linen op te spjalten mei't der mar frijwat yninoar omtroud is, mar rûchwei kin der in ferdieling makke wurde yn 250 Kry en 200 Assiniboin.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Little Black Bear Earste Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Little Black Bear Reservaat 84 (Little Black Bear 84 Reserve), yn 'e File Hills, 4 km súdwestlik fan Goodeve. It hat in oerflak fan 68,8 km², en fan 'e 450 stamleden wennen der yn 2006 158. Op it mêd fan foarsjennings binne yn it reservaat û.m. kantoaren fan 'e stamme-organisaasje, in seal foar gearkomsten en in swimbad. De stamme is fierders eigner fan perselen lân yn Balcarres, dêr't se kantoaren hawwe, en yn Fort Qu'Appelle, dat noch ûntwikkele wurde moat. Mei 34 oare stammen út súdlik Saskatchewan en Manitoba dielt de Little Black Bear Earste Naasje fierders it Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 (Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve). De stamme is lid fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 septimber 1874 ûndertekene it Kry-opperhaad Keeskeehewmuscoomuskwa, in namme dy't oerset wurde kin as Lytse Swarte Bear (Ingelsk: Little Black Bear), it Ferdrach Nû. 4 mei Britske koloniale regear fan Kanada. Dêrnei sette er him mei syn mingde Kry-Assiniboin-troep nei wenjen yn it reservaat dat foar harren oprjochte wie. Lykas de measte Yndianen yn súdlik Saskatchewan leine de leden fan 'e Little Black Bear Earste Naasje harren yn it reservaat ta op 'e lânbou, wêrby't se foarútbuorken safolle as de beskikbere technology, it pleatslike klimaat en it regearingsbelied harren dat tastie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: