List (Sylt)
| List op Sylt | ||
| Lokaasje List (read) yn Noard-Fryslân | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Landschaft Sylt | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.540 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 18,42 km² | |
| Befolkingsticht. | 84 ynw./km² | |
| Hichte | 2 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1948 (as moderne gemeente) | |
| Postkoade | 25992 | |
| Offisjele webside | ||
| www.sylt-2000.de | ||
| Kaart | ||
List is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. List heart ta it amt Landschaft Sylt en is it noardlikste plak fan Dútslân. De gemeente hat 1.540 ynwenners en is lid fan it Zipfelbund, in bûn wêryn't de fjouwer úterste punten fan Dútslân gearwurkje.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme List soe ûntliend wêze oan it Alddeenske wurd listi, wat "krite" of "râne" betsjut (yn 'e betsjutting fan in kustkrite). Taalkundich nau besibbe binne de plaknammen Listed (op Bornholm) en Lister (yn Noarwegen en Blekinge). In oare ferwizing nei de Deenske oarsprong is de strjitnamme 'Brünk', wat ôflaat is fan it Deenske brink, dat "skeante" of "helling" betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
List is in fan oarsprong Deenske (Jutske) delsetting dy't yn 1292 foar it earst offisjeel yn 'e dokuminten neamd waard, doe't it plak mei it byhearrende foarlân yn it besit kaam fan 'e stêd Ribe. Ut de iere 11e iuw stamt in grutte muntskat fan mear as 600 munten (ûnder oare út Ingelân, it Eastfrankyske Ryk, Skandinaavje en Bohemen) en mear as 800 oare sulveren foarwerpen. It plak waard ferskate kearen troch stoarmfloeden ferneatige. Sûnt de grutte Sint-Marsellusfloed fan 1362 wie List gjin tsjerkedoarp mear.
List hat in hiel oare histoarje as de rest fan Sylt. Wylst it suden fan it eilân hartoggelik wie, foel List oant 1864 streekrjocht ûnder de Deenske ienheidssteat (as ien fan 'e Deenske enklaves oan 'e westkust). Earst nei de Twadde Sleeswykske Kriich kaam it by Prusen.

Yn 1644 fûn yn it ramt fan 'e Tritichjierrige Kriich tusken Sylt en Rømø yn it Lister Djip in seeslach plak tusken in Sweedsk-Nederlânske float en de Deenske float. De Deenske kening Kristiaan IV lei mei syn float yn 'e baai te wachtsjen op 'e Sweedsk-Nederlânske float foardat de striid begûn. Sûnt wurdt dy baai de Keningshaven neamd.
Yn 1682 waard de earste dûanepost fan 'e Deenske kening yn List oprjochte.
Oant de Earste Wrâldkriich bestie List mar út twa pleatsen: de Osthof en de Westhof. Nei de Earste Wrâldkriich mochten de ynwenners fan Sleeswyk kieze tusken Denemark en Dútslân. De Dútsk-Deenske grins waard doe krekt noardlik fan Sylt lutsen, sadat List it meast noardlike grinsdoarp fan Dútslân waard.

Yn 'e tiid tusken de twa wrâldoarloggen ûntstie yn List in fleanbasis foar wetterfleantugen (Seefliegerhorst) mei in grut tal gebouwen en wenten foar personiel. Ek de haven waard doe yn 'e hjoeddeiske foarm oanlein. Fan dizze basis sette de piloat Wolfgang von Gronau yn july 1932 útein mei syn spektakulêre wrâldreis yn in Dornier Do J ''Wal'' wetterfleantúch. Yn 'e Twadde Wrâldkriich wiene hjir rêdingssquadrons (Seenotstaffeln) fan 'e Wehrmacht stasjonearre. List tanket syn hjoeddeiske oansjen foar in grut part oan de bouaktiviteiten yn 'e jierren 1930. Ek de hjoeddeiske protestantske tsjerke waard doe as garnizoenstsjerke boud; it wie ûnderdiel fan 'e fleanbasis en heart ta de pear garnizoenstsjerken dy't yn 'e tiid fan it nasjonaalsosjalisme boud binne.
Yn 1948, nei it opheffen fan 'e âlde Amtsdistrikten waard List in selsstannige, amtsfrije gemeente. Sûnt 2004 heart de gemeente by it amt Landschaft Sylt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
