Lisanne Stoit
Lisanne Stoit of Sanne Stoit (Gemert, 12 jannewaris 1960) is in byldzjend keunstner út Stamproy. Nei in kursus binnendoararsjitektuer makke se dekoraasjes foar yn en om it hûs. Sûnt 2004 folge se skilderlessen by de Russyske skilderesse Irina Putyasheva. Dy learde har in eigen paad te kiezen by it skilderjen. De lêste tiid wurket hja gear mei keunstner Godelieve Vreys.
It eigen paad bestiet út it meitsjen fan reliëfskilderijen. Dat foarmet in oanfolling op har oare wurk, it meitsjen fan bylden. Meast slanke minskefigueren, allinnich of mei meardere by elkoar. De bylden binne allegear makke fan selshurdzjende klaai.
De skilderijen binne oer it generaal mei akryl skildere op kanvasdoek mei tuskentiids wurken mei applikaasjes en reliëfstruktueren foar it opfleurjen fan it wurk. Lisanne brûkt faak readbrune en okerbrune ierdetinten dy't it meditative karakter fuortsterkje moatte.
Sanne Stoit hie al in eksposysje yn Hapert en Lommel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |