Limoeiswyk

Ut Wikipedy

De Limoeiswyk is in feart yn de gemeente Opsterlân. De feart rint fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart by Weinterpferlaat nei it súdeasten nei Welgelegen. De feart rint bylâns de Jan Evertswei.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Limoeiswyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Limoeiswijk.