Likenis fan de Twa Skuldners

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It miel by Simon (Eglise Saint-Etienne, Wolxheim)

De Likenis fan de Twa Skuldners is yn it Nije Testamint in parabel fan Jezus, dy't yn it evangeelje fan Lukas (7:36-50) te lêzen is. Inselde soart salving yn Mattéus 26:6-13 en Markus 14:3-9 hoecht net op itselde ferhaal te slaan en de likenis fan de twa skuldners moat ek net betiizge wurde mei de likenis fan de man dy't net ferjaan woe (Mattéus 18:21-35).

In frommis, dy't op in tige minne namme leit, hat heart dat Jezus útnoege is by de fariseeër Simon. Hja giet der op ta en salvet Jezus dêr de fuotten. De fariseeër tinkt by himsels: As Jezus no echt in profeet wie, dan soe der dochs witte moatte dat dy frou in sûnderes wie en it net tastean dat hja him oanrekke." Jezus hat troch wat der yn de holle fan Simon omgiet en stelt him de neikomende fraach:

In jildsjitter hat by twa skuldners jild útstean, by de ien fiifhûndert en by de oare fyftich. Hja koene it jild lykwols net werom betelje en de jildsjitter skold dêrom foar alletwa de skuld kwyt. Wa fan de twa soe dan de jildsjitter it meast tagedien wêze?

Simon moat wol tajaan dat dyjinge mei de grutste skuld de jildsjitter it measte tadien wêze moat. Jezus hâldt de fariseeër foar dat hy hielendal net sa'n goed gasthear is, wylst de sûndige frou dingen docht dy't yn dy tiid fan in gasthear ferwachte waarden. Sa brocht de fariseeër gjin wetter dêr't Jezus de fuotten mei waskje koe, hy ferwolkomme Jezus net mei in tút en likemin salve de fariseeër de holle fan Jezus mei oalje. Mar de sûndige frou hie Jezus de fuotten waske; hja toande tadienens en salve Him de fuotten.

Wat Jezus mei it ferhaal sizze wol is dat dy, oan wa't in soad ferjûn wurde moat, ek in soad leafde werom jout. Jezus skelt de sûnden fan de frou kwyt, en om't har tal sûnden sa grut is, sil hja God mear leafhawwe dan de fariseeër dy't minder sûndige hat.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]