Likenis fan de Siedder

Ut Wikipedy
Kristus yn it nôtfjild`
(Thomas Francis Dicksee, 1819–1895)

De Likenis fan de Siedder is yn it Nije Testamint in parabel fan Jezus yn de trije evangeeljes Mattéus (13:1-23), Markus (4:1-20) en Lukas (8:1-15). By it siedzjen falt it sied op ferskate ûngeskikte plakken dêr't it ferlern giet, mar dêr't it sied op it goede plak telâne komt draacht it mannichfâld frucht.

De likenis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In man gyng it lân yn om te siedzjen. By it siedzjen foel in part op it paad, dat opiten waard troch de fûgels. In oar part kaam op rotseftige grûn telâne. Dêr hie it sied te min grûn om goed te woarteljen, it skeat omheech mar doe't de sinne kaam ferdroege it. Ek foel in part tusken de stikels en doe't dy opskeaten ferstikte it sied. Allinnich it part dat yn goede ierde foel, waakste goed en joech hûndertfâld, sechtichfâld of tritichfâld frucht. Jezus slút de likenis ôf mei de wurden: dy't earen hat, moat harkje!

Utlis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jezus jout de neikommende útlis oer dizze likenis. Mei it sied wurdt it Wurd fan God ornearre. It sied dat op it paad del komt binne guon dy't it boadskip wol hearre, mar hja begripe it net en dan komt Satan dy't weinimt wat yn it hert siedde is. Mei it sied dat te min grûn krige om te woarteljen wurdt bedoeld dat it Wurd wol oannommen wurdt troch de lju, mar it is flechtich; sadree't it tsjin rint, litte hja it leauwen wer los om't it net goed woartele is. It part fan it sied dat tusken de stikels falt binne dyjingen, dy't it Wurd wol hearre, mar troch soargen yn beslach naam wurde en ferliedings net wjerstean kinne, sadat it Wurd ferstikt. Mar it sied dat yn goede ierde foel binne dyjingen dy't it Wurd hearre en begripe. Yn dy gefallen set it sied frucht.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]